Gedicht
Lijenswiken
De lijenswiken wer betrachtsje,
As gemeente en as gemeentelid,
Mei Peaske op dy frijspraak wachtsje,
Dy’t God jout oan, dy’t dêrfan wit.
It is wer tiid ús ta te rieden,
Op Syn paad, dy’t Jezus hjiryn rûn
Foar ús, woe sa syn leafde biede
Oan ús, dat foel yn Gods genede-grûn.
Eltse dei opnij derfan oertsjûge,
Dat de Bibel fêstichheden biedt,
Meirinnend dizze wiken, bûge
Foar dat mystearje, dêr’t Hy foar stiet.
Sterkje Hear, my dan yn it leauwen,
Op myn libbenspaad dat liedt dêrta,
Út Syn switdrippen dan te priuwen,
Dat Heit en Soan dy frijspraak reeg’le ha.
S. de Boer
De lijenswiken wer betrachtsje,
As gemeente en as gemeentelid,
Mei Peaske op dy frijspraak wachtsje,
Dy’t God jout oan, dy’t dêrfan wit.
It is wer tiid ús ta te rieden,
Op Syn paad, dy’t Jezus hjiryn rûn
Foar ús, woe sa syn leafde biede
Oan ús, dat foel yn Gods genede-grûn.
Eltse dei opnij derfan oertsjûge,
Dat de Bibel fêstichheden biedt,
Meirinnend dizze wiken, bûge
Foar dat mystearje, dêr’t Hy foar stiet.
Sterkje Hear, my dan yn it leauwen,
Op myn libbenspaad dat liedt dêrta,
Út Syn switdrippen dan te priuwen,
Dat Heit en Soan dy frijspraak reeg’le ha.
S. de Boer
terug
Agenda
Tentdienst 9:30 uur Koffie, Tent Concordia speelt
zo 27 apr 2025 om 10:00 Coll.: 1. Stichting Blessed Generation/Kenia, 2. Onkostententdienst 09:30 uur Koffie
dienst: 10:00 uur
Concordia
en er is Kindernevendienst